Oanhâldings nei melding 1-1-2

01 aug 2010 - 14:27

Fiif mannen fan tusken de 18 en 20 jier út Noard-Hollân koene sneontenacht oanholden wurde foar fernielerij troch in melding fia 1-1-2. In tsjûge seach de groep op de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert tsjin spegels fan auto's oantraapjen. Hy belle dêrop 1-1-2 om oan te jaan wêr't de mannen hinne rûnen.

De plysje hat de hiele groep oanholden om't net dúdlik wie wa't ferantwurdlik wie foar de fernielerij. Yn totaal binne spegels fan 4 auto's fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)