Frou skopt frou yn gesicht
In 18-jierrige frou fan It Hearrenfean is sneontenacht yn Drachten oanholden op fertinking fan mishanneling. De frou hie in 20-jierrige frou út Drachten yn it gesicht skopt doe't sy út in hoarekagelegenheid set waard.
De Hearrenfeanse is nei it plysjeburo brocht en hat in proses-ferbaal krige. It slachtoffer hat oanjefte dien.
Trefwurden:
argyf