Dokkumer krijt klappen

01 aug 2010 - 14:14

In 16-jierrige jonge út Dokkum hat sneontenacht klappen krigen by in hoarekagelegenheid yn de stêd. In 20-jierrige Dokkumer en in 18-jierrige man wêrfan't it wenplak net bekend is, binne foar de mishanneling oanholden.

De plysje koe de fertochten oanhâlde neidat it slachtoffer de mannen fytsen seach en de plysje warskôge. De mannen sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)