Wyldpisjen tsjin tsjerke oan
In 23-jierrige man út Rinsumageast is sneontenacht yn Dokkum oanholden omdat er gjin identiteitsbewiis sjen litte koe. Plysjes woene him in bekeuring jaan omdat er op de Markt tsjin de tsjerke oan stie te pisjen.
Doe't de plysjes him om in identiteitskaart fregen, woe de man net meiwurkje. Hy waard meinommen nei it plysjeburo. Dêr koe er syn identiteitskaart wol sjen litte en krige er in bon foar wyldpisjen. Dêrnei mocht er fuort.
Trefwurden:
argyf