Stellerij Ljouwert en Wolvegea

01 aug 2010 - 14:05

By in bedriuw oan de Nijverheidsstrjitte yn Wolvegea is tusken freedtenacht en sneontemoarn apparatuer en ark stellen. Nei alle gedachten binne de ynbrekkers binnenkaam fia in rút. It bedriuw hat oanjefte dien.

Yn Ljouwert wiene dieven ek aktyf. Dêr binne freed de doarren fan twa kelderboksen oan de Ferlingde Skrâns iepenbrutsen. Ut ien fan de kelders is in fyts meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)