Besmetting plomfee riedsel

01 aug 2010 - 12:36

It produktskip plomfee en aaien hat noch gjin idee hoe't twa Fryske plomfeebedriuwen besmet rekke binne mei fûgelgryp. It giet om in fariant dy't hast nea foarkomt. It firus waard dizze wike earst fûn op in bedriuw yn Skuzum, alle 19.000 hinnen binne dêr fergast.

Letter is dat ek dien mei de 40.000 hinnen op in bedriuw yn Parregea, doe't ek dy besmet blieken. Omdat it firus net gefaarlik is foar minsken is romjen net ferplichte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)