Rykswettersteat wurket oan A6

Rykswettersteat lit meikoarten wurk útfiere oan de A6 tusken de Lemmer en it knooppunt de Jouwer. Op de dyk is dan mar ien rydstrook beskikber, boppedat mei der minder hurd riden wurde. Dat is tusken seis oere jûns en tsien oere moarns.
It wurk begjint op 11 augustus en duorret oant en mei 14 augustus. Yn dy perioade wurde sa no en dan ek op- en ôfritten ôfsletten, ferkear kin dan by de earstfolgjende gelegenheid op of fan de dyk ride.