Classic lûkt hast 2000 fytsers

Pieter Weening
De fyfde edysje fan de Pieter Weening Classic hat in lytse twatûzen dielnimmers lutsen. Dy koene sneon kieze út ôfstannen tusken de 25 en 100 kilometer. Neffens de organisaasje fan de fytstocht hawwe har gjin ûngelokken foardien. Wol hiene de dielnimmers te krijen mei flink wat wyn.
It startskot foar de tocht waard jûn troch Pieter Weening sels. Dy fytste dêrnei ien fan de ôfstannen, tegearre mei Lieuwe Westra.