Missy Uruzgan foarby

01 aug 2010 - 08:54

Mei de oerdracht fan Kamp Holland is snein in ein kaam oan de Nederlânske missy yn Uruzgan. Dy missy begûn yn 2006 en wie bedoeld om de feiligens yn Afganistan te ferbetterjen en te helpen by de weropbou fan it lân.

By de missy binne 24 Nederlânske militêren om it libben kaam. Under har wiene twa Friezen. Yn augustus 2007 kaam sersjant Martijn Rosier (30) út Sint Anne om it libben, yn jannewaris 2008 korporaal Aldert Poortema (22) út Drylts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)