Iepen dei SC Hearrenfean
Fans en belangstellenden fan Sportklup Hearrenfean wiene sneon wolkom op de iepen dei fan de earedivyzjeklup. Yn en om it Abe Lenstra stadion waard fan alles organisearre foar de Fean-supporters. De spilers toanden har balkeunsten en der koene hantekeningen fandele wurde.
Besikers koene ek in rûnlieding troch it stadion krije. De iepen dei hat in lytse tsientûzen besikers lutsen.
Trefwurden:
argyf