Sliepende automobilist oppakt
De plysje hat freedtenacht op de A6 by Jistergea in ynwenner fan Almere oanhâlden. De 46-jierrige man waard sliepend yn syn auto fûn. Doe't er wekker wurden wie, bekende er gjin rydbewiis te hawwen.
De man is meinaam nei it buro foar in bloedproef, omdat er mooglik drugs brûkt hie.