Drank op, rydbewiis ynleverje

In 27-jierrige man út Urk is freedtenacht op de A7 by Aldehaske oanhâlden foar it riden mei drank op. De plysje krige in tip dat by Aldehaske in auto hiel stadich en slingerjend ried. De plysje trof de man neist syn auto yn de berm oan.
De sjauffeur moast blaze en dêrút die bliken dat hy tefolle dronken hie. In test op it buro wiisde út dat dat mear as trije kear tefolle wie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en der waard proses-ferbaal opmakke.