Oanhâldings foar mishanneling

De plysje hat freedtenacht twa ynwenners fan Ljouwert en ien fan Snits oanhâlden fanwege mishanneling. De trije waarden oppakt nei in fjochtpartij op it Ruterskertier yn Ljouwert. Dêrby waard in 23-jierrige Jellumer sûnder dúdlike oanlieding mishannele.
De trije dieders koene oanhâlden wurde nei it besjen fan bylden fan bewakingskamera's. De trije binne fêstset op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.