Betinking histoaryske flucht

31 jul 2010 - 13:19

Hearrenfean wol alle jierren stilstean by de histoaryske flucht fan Clément van Maasdijk, 100 jier ferlyn. Yn 1910 seagen mear as 100.000 minsken foar it earst in fleantúch dat hast in healoere boppe It Fean fleach.

Van Maasdijk wie de earste Nederlanner dy't fleach boppe Nederlânske grûn. Dat waard ôfrûne sneon betocht. Yn augustus begjint der in feestwike om it barren hinne, mei ûnder oaren fleantúchdemonstraasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)