Fryske PvdA somber, VVD bliid

31 jul 2010 - 12:58

In minderheidskabinet fan VVD en CDA mei stipe fan de PVV is it slimste dat Nederlân oerkomme kin. Dat fynt foarsitter Bertus Mulder fan de PvdA yn Fryslân. Mulder hekelet fral de hurde besuningingsmaatregels fan 18 miljard euro om de steatskas wer op oarder te bringen.

Foarsitter Ger Jaarsma fan de VVD Fryslân is bliid dat der lang om let skot yn de kabinetsformaasje komt. Hy tinkt dat by de Fryske VVD'ers in soad animo is foar sa'n minderheidskabinet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)