Rêdingsaksje boppe Skier

© Omrop Fryslân
In rêdingsboat út Lauwerseach hat freedtemiddei in syljacht holpen dat yn 'e problemen rekke wie boppe Skiermûntseach. De problemen wiene ûnstien troch de hege golven.
In rêdingsboat fan Skiermûntseach wie yn earste ynstânsje ynskeakele foar de helpferliening, mar koe fanwege de geringe djipgong net by it syljacht komme. In lytsere rêdingsboat hat it syljacht dêrnei op sleeptou naam en nei de haven fan Lauwerseach brocht.