Pinautomaat Kollum kreake

De pinautomaat fan de Friesland Bank yn Kollum
Unbekenden hawwe fannacht besocht de pinautomaat fan de Friesland Bank oan de Mr. Andreaestrjitte yn Kollum op te blazen. De dieders hawwe gas yn de automaat blaasd en dit ûntploffe litten. De pui rekke dêrtroch folslein ûntset, mar de jildlade bleau heel.
Troch de eksploazje rekke ek in part fan it plafond fan de Poiesz-supermerk skansearre, mar de winkel is wol gewoan iepen. De plysje ûndersiket de saak.