Himmelbeurt foar de Slinger
De langste fytsbrêge fan Fryslân, De Slinger yn Drachten, krijt nije wike in grutte skjinmakbeurt. De wite brêge oer de Suderhegewei en in rotonde hinne, wurdt mei help fan heechwurkers skjinmakke.
It ferkear sil hinder ûnderfine fan de wurksumheden om't rydbanen tydlik ôfsletten wurde. De maksimumsnelheid giet fan 50 nei 30 kilometer yn de oere en der wurde ferkearsregelders ynset.