'Sloop Heinekenloads spitich'

30 jul 2010 - 15:52

Frysk Heineken-ûntfiering-kenner Sjerp Jaarsma fan Balk fynt it spitich dat de Heinekenloads no echt ôfbrutsen wurdt. Freddy Heineken en syn sjauffeur waarden yn 1983 in skoft opsletten yn in spesjaal preparearre sel yn in loads yn Amsterdam.

Jaarsma hat him yn 'e saak ferdjippe. Hy hat ek in skoftlang ekskurzjes jûn nei de loads. Trije jier ferlyn moast er dêrmei ophâlde, omdat de sloop oankundige waard. Dy sloop set no pas echt útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)