Famke (16) wurdt fermist

30 jul 2010 - 15:22

De 16-jierrige Jollen Ras wurdt fermist. Se kaam tongersdei net opdaagjen by in ynstelling op 'e Jouwer. Op Twitter docht de plysje no in oprop oan minsken dy't it famke de ôfrûne oardel dei mooglik sjoen hawwe.

Op it momint fan de fermissing ried se op in goudkleurige Batavus-fyts. Se is frij lang foar har leeftiid, 1 meter 83. Har donkerbrún ferve hier hie se opstutsen. De plysje hâldt der rekken mei dat se de kant fan It Hearrenfean op fytst is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)