'Liedings REC-Frisia meie net'

De boufergunning foar de stoomliedings fan de nije ôffaloven yn Harns nei sâltfabryk Frisia is ûnterjochte ôfjûn. Dat seit de kommisje dy't de beswieren tsjin de fergunning besjoen hat. De fergunning is yn striid mei it nije bestimmingsplan. Dêr stiet yn dat alle bouwurken seehavenbûn wêze moatte. Dat binne de liedings net. It kolleezje fan Harns bepaalt op 17 augustus oft de boufergunning al of net terjochte ôfjûn is.