Brânstichting yn loads
Yn in leechsteand gebou oan de Heliconwei yn Ljouwert hat tongersdeitejûn brân west. De brânwacht krige in melding dat der reek út 'e loadsen weikaam. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
Nei ûndersyk die bliken dat yn 'e loads ôffal yn 'e brân stutsen wie. De plysje docht fierder ûndersyk nei de brânstichting.
Trefwurden:
argyf