Fytsjild foar Edwinstichting

29 jul 2010 - 21:19

De Edwinstichting fan Langwar hat fan de hurdfytsende boargemasters fan Nederlân in sjek krigen fan 1250 euro. It jild is ynsammele by de jierlikse boargemastersfytsdei dy't ferline jier hâlden waard op De Jouwer.

De Edwinstichting is eigner fan in fakânsjehúske yn Langwar. Dat is sa oanpast dat famyljes mei handikapte bern dêr fakânsje hâlde kinne. De famyljes kinne ek mei in oanpaste boat der op út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)