Boartersbosk De Himrik opknapt

it boerd by de tagong nei it boartersbosk
Boartersbosk Sparjeburd by De Himrik wurdt dit jier opknapt troch Steatsboskbehear. It Ryk hat har frege om bern mear de natoer yn te krijen. By De Himrik wurdt it boartersplak by de tiid brocht. It âlde guod wurdt der úthelle. Dêrfoar yn it plak komme der ûnder mear in geheime sleatrûte, in sânklimbult en touwen tusken de beammen.
De ferwachting is dat de bern mei dizze nije oanklaaiïng sels aktyf wurde yn de natoer.