Ekstra treinen nei Starum

Prorail hat de ravaazje optrêden, de treinen kinne wer ride
Der ride kommende sneon ekstra en ek langere treinen rjochting Starum, dêr't dan it SKS-skûtsjesilen is. De ravaazje dy't sneintejûn ûntstie neidat in ûnderhâldstrein trochsketten wie, is oprêden.
ProRail hat de treinwagons ôffierd en de skea oan it stasjonsgebiet ferholpen. It skûtsjesylpublyk kin sneon dan ek sûnder problemen Starum berikke.