Feild hûs smyt minder op

29 jul 2010 - 17:45

Huzen smite by eksekúsjefeilings hieltyd minder op. Dat komt om't der by twongen ferkeap ek minder animo is foar huzen. De legere opbringst soarget foar in gruttere restskuld foar de eigners. Dy hawwe faak al finansjele problemen.

Yn Fryslân wurde hûndert huzen yn in jier feild. De finansjele krisis en de problemen op de huzemerk betsjutte net daliks dat der ek mear huzen feild wurde. Gewoan ferkeapje smyt mear op, dat banken hawwe dat leaver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)