St. Anne: deaslach of moard

De 61-jierrige fertochte fan de eksploazje yn in wenhûs yn St. Anne moat noch twa wiken langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De man hat in relaasje hân hat mei it slachtoffer. Hy wurdt fertocht fan besykjen ta moard of deaslach en brânstifting.
By de eksploazje oan de Weidemastrjitte rekke de bewenster sneontenacht ferwûne. De foargevel fan it hûs is fuortslein. It hûs fan 'e buorlju hat grutte skea.