Dakleazen op de foto

© Omrop Fryslân
Ljouwerters krije ynkoarten in spesjale dakleazekrante mei dêryn foto's fan swalkers. It is in projekt fan fotografe Marijke van Ruiten. Sy hat portetten makke fan bewenners fan opfang De Terp. Se wol foaroardielen weinimme troch sjen te litten dat swalkers gewoane minsken binne foar wa't je net benaud hoege te wêzen.
De krante komt yn septimber út. De foto's binne ek te sjen op de fotomanifestaasje Noorderlicht dy't hâlden wurdt yn Ljouwert.