Razende GHB-brûker oppakt
In 30-jierrige Hearrenfeanster is woansdeitejûn yn Grou trochdraaid neidat er GHB naam hie. De man stie op de Doorbraak te razen en swaaide wyld mei de earms. De plysje naam de man mei nei it buro. Dêr stelde in dokter fêst dat de man GHB brûkt hie.
De Hearrenfeanster is earder foar deselde oertreding oanhâlden.