Fertocht fan betaasten famke
In 48-jierrige man út Appelskea is woansdeitejûn yn it swimbad yn Assen oanhâlden. Hy soe dêr in 12-jierrich famke tenei kaam wêze. De man soe by de glydsbaan it famke ûnseedlik betaast hawwe.
It slachtoffer alarmearre in badmaster, dy't de plysje ynskeakele. De heit fan it famke hat oanjefte dien. De Appelskeaster sit fêst.