Trein Wadloper net yn museum

© Omrop Fryslân
It Spoorwegmuseum yn Utrecht moat wachtsje op De Wadloper. It museum hie graach ien hawwe wollen, mar wie te let. Alle fyftich treinen binne ferkocht oan spoarmaatskippijen yn Poalen en Tsjechië. Dêr wurde se oerspuite en krije se in nij ynterieur. As se yn Poalen en Tsjechië ek net mear brûkt wurde, wol it museum besykje ien werom te heljen.
Modeltreinen fan De Wadloper binne fan 2011 ôf te keap. De Wadloper ried op Fryske regionale spoarlinen.