Mem mei poppe ferwûne

In mem en in lytse poppe fan trije moanne âld binne woansdeitejûn licht ferwûne rekke by de Ballonfeesten op 'e Jouwer. De 31-jierrige mem út Hoogezand stie mei it bern op de Koarte Ekers nei de ballonnen te sjen. Se stiene by de auto, achter it portier dat iepen stie.
In 67-jierrige automobilist út Ingelân riedt tsjin de autodoar oan. De frou en de poppe krigen de doar tsjin harren oan. Se binne nei it sikehûs yn Snits brocht.