Ferwûne nei sprong fan brêge

29 jul 2010 - 10:36

In 21-jierrige Rotterdammer is woansdeitejûn ferwûne rekke by in sprong fan in brêge yn Terherne. De man hie alkohol op en sprong yn it wetter. Mar it plak wie net goed keazen, want it wie dêr ûndjip.

De man rekke ferwûne oan 'e holle. Doe't er wer op 'e kant wie, rekke de Rotterdammer út 'e tiid. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)