Fertochten mishanneling bekend

28 jul 2010 - 21:34

De plysje wit de nammen fan de fertochten dy't op 25 juny by de MacDonalds yn Goutum in 18-jierrige jonge mishannele ha. Ferline wike waarden foto's fan bewakingskamera's op de plysjesite Dadergezocht.nl set.

Woansdei pakten de jongeresite GeenStijl.nl en De Telegraaf it ferhaal op en pleatsten de foto's. Dêrop kamen hûnderten reaksjes binnen. Ek de plysje sels krige tsientallen tips binnen. Dêrby waarden meardere kearen deselde nammen neamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)