Beerens selekteard foar Oranje

28 jul 2010 - 20:51

Roy Beerens is foar de earste kear selektearre foar it Nederlânsk alvetal. De rjochtsbûten fan sportklup Hearrenfean giet mei nei Donetsk foar in oefenwedstryd tsjin Oekraïne op 11 augustus.

Beerens is ien fan de seis debutanten yn de seleksje. Bûnscoach Bert van Marwijk hat op Michel Vorm nei gjin inkele spiler oproppen dy't oan it WK yn Súd-Afrika meidien hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)