Rydles film Penny's Shadow

28 jul 2010 - 16:31

De akteurs dy't meidwaan sille oan de film Pennys Shadow hawwe woansdei rydlessen hân. Haadrolspilers Liza Sips en Levi van Kempen krigen les fan trener Lammert Haanstra. De Fryske regisseur Steven de Jong regissearret de film oer it hynder Shadow.

Fan moandei ôf wurdt de film mei hynders yn de haadrol opnaam op It Amelân. Dêr wurdt ûnder oare filme op it Roggefeest. In fytspaad oan de noardwestkant fan 'e Stayokay wurdt foar de film ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)