Warskôging foar nep-piersings

28 jul 2010 - 15:47

It Universitair Medisch Centrum Grins warskôget jongeren foar nep-piersings. It giet om magnetyske baltsjes dy't brûkt wurde as tonge- of lippepiersing. As sa'n baltsje ynslokt wurdt, kin grutte skea ûntstean oan de termen.

Noch net sa lang lyn waard yn it sikehûs yn Grins in famke behannele dy't by fersin de baltsjes trochslokt hie. Dat famke wie slim siik en is noch hieltiten net better.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)