Meerslag lûkt 200 kuierders

28 jul 2010 - 15:06

De fjouwerdaagse fan Nijmegen sil it net wurde, mar de dielnimmers binne tige entûsjast. De Meerslag om Boalsert, in trijedaagse kuiertocht, lûkt dit jier 200 dielnimmers. Woansdei wie de start fan de tolfde edysje.

Dy dielnimmers binne foar it grutste part trainde kuierders, want de measten rinne 40 kilometer deis. De trije dagen geane oer de noard-, de west- en de súdkant fan Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)