Speno makke earder brokken

28 jul 2010 - 12:50

De twa bedriuwen dy't belutsen binne by it slypjen fan it spoar nei Starum ha twa jier lyn op fersyk fan de ynspeksje Ferkear en Wettersteat ûndersocht oft it net ferstanniger is om Nederlânske masinisten yn te setten yn plak fan bûtenlanners.

Dit nei oanlieding fan in ynsidint yn 2007 dêr't ek in trein fan Speno by belutsen wie en BAM Rail. Dêrby ried in trein dy't oan it slypjen west hie by Swolle mei 90 km de oere dwers troch in sein en in wiksel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)