Meiwurkers heliplatfoarm socht

© Omrop Fryslân
It MCL yn Ljouwert siket frijwilligers foar it helikopter-platfoarm. Dy frijwilligers moatte it dek klearmeitsje as de traumahelikopter of de SAR-hely der oankomt. By de lâning moatte se alles yn 'e gaten hâlde en yngripe by kalamiteiten lykas brân.
Spitichgenôch foar helikopter-leafhawwers: de oprop jildt allinne foar personiel fan it MCL yn Ljouwert. Alle frijwilligers krije in koarte oplieding. En der stiet in fergoeding foaroer.