Pear Noardwâlde 60 jier troud

Rinke en Lien de Vos fan Noardwâlde (foto: Lenus van der Broek)
Rinke de Vos (85) en Lien de Vos – Augustijn (81) út Noardwâlde binne woansdei 60 jier troud. It pear wennet al mear as 60 jier yn Noardwâlde en hat dêr oan de Haadstrjitte-East in skuonwinkel hân mei in pedikurepraktyk. Hy komt fan Easterwâlde, sy fan Frederiksoard.
Rinke de Vos hat fierder 40 jaar lid west fan de frijwillige brânwacht. Hy is no senioare-adviseur by Timpaan Welzijn Weststellingwerf. Rinkje de Vos mei graach túnkje.