Alle Spenowagons no fuorthelle

28 jul 2010 - 10:32

Spoarbehearder ProRail is klear mei it fuortheljen fan de ûntspoarde njoggen wagons by it stasjon fan Starum. De wagons, wêrûnder twa lokomotiven, wurde nei Amsterdam brocht en oerladen op in skip dy't se nei it Dútske Brandenburg bringt. Dêr sil de krekte skea besjoen wurde. It wurk mei de wagons soe om tolve oere fannacht klear wêze, mar dat slagge net.

Meiwurkers kamen yn de grûn in soad kabels en liedings tsjin wêrtroch se hiel foarsichtich wurkje moasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)