Brommerrider mei drank op

28 jul 2010 - 10:28

In jonge fan 18 út Snits hat tiisdei syn bromfytsrydbewiis ynleverje moatten by de plysje. De Snitser waard sûnder helm sjoen en troch plysjes fan de dyk helle. Omdat de jonge nei drank stonk moast er mei nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Ut in azemanalyze waard dúdlik dat hy mei tefolle drank op oan it riden wie. Syn rydbewiis is ôfnaam. Dêrneist is proses-ferbaal opmakke en mocht hy fiif oeren lang net mear op syn bromfyts ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)