Friesland Bank: slagge test

28 jul 2010 - 10:09

De Friesland Bank is slagge foar de stresstest. Dat hat de bank woansdei sels bekend makke. By de stresstest wurdt besjoen oft in bank in weromrinnende ekonomy opheine kin. Ut de ynternasjonale test docht bliken dat de Friesland Bank dat kin. De bank hat dêrfoar genôch finansjele reserve.

Ein ferline wike waard bekend dat fjouwer grutte Nederlanse banken ek slagge binne foar de stresstest. It giet dan om de ABN Amro, ING, Rabobank en SNS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)