Fryske rispinge fruit falt ôf

De rispinge fan appels en parren yn Fryslân sil dit jier minder wêze as ferline jier. It minne waar yn de ôfrûne maaitiid sit in goeie groei fan it fruit yn de wei. It Produktskip Túnbou ferwachtet foar de hofkers dit jier 17% minder appels en 14% minder parren.
Fryske profesjonele tylders krije it hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. Dat komt omdat de prizen fan appels en parren ek ûnder druk komme te stean.