Katamaran omslein op Waadsee
Op 'e Waadsee tusken It Amelân en Skylge is tiisdeitemiddei in katamaran omslein. De twa bemanningsleden bedarren yn it wetter. Se koene de boat net mear oerein krije.
Ferskate minsken dy't mei de boat yn 'e buert wiene, bellen mei it alarmnûmer 112. Der wie tafallich in betonningsskip flakby dat help biede koe. De rêdingsboat fan It Amelân waard ek ynskeakele.