Selstraf foar oplichter

27 jul 2010 - 16:49

In man (41) út Surhústerfean is foar grutskalige oplichting feroardiele ta fjouwer jier finzenisstraf. De man hat ek trije minsken mishannele en ien persoan bedrige. Hy hat by mear as 30 bedriuwen boumateriaal, struisâlt, ark en sels in shovel stellen. De shovel hie er yn Vlissingen hierd en net werombrocht. De man besocht de shovel mei in wearde fan 30.000 euro troch te ferkeapjen.

Mei-inoar hat de man foar mear as 200.000 euro oan guod achteroerdrukt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)