Boalsert wint SKS by Earnewâld
Pieter Meeter mei it Boalserter skûtsje hat de SKS-wedstriid by Earnewâld wûn. Ljouwert waard twadde en De Jouwer tredde, De Jouwer begûn as sechde.
Boalsert hat it grutste diel fan de wedstriid op kop lein. De Súdwesthoeke hie noch in protestflagge tsjin Boalsert, mar hat it protest net trochsetten. Boalsert hat no twa wedstriden wûn en giet oan kop yn it klassemint.
Trefwurden:
argyf