Fries komt om yn Grinslân

27 jul 2010 - 15:37

In 56-jierrige automobilist út Wurdum is moandeitejûn ferstoarn by in ûngelok by Rasquert yn Grinslân. De man riedt oer de N363 yn de rjochting Baflo doe't er yn de rjochterberm telâne kaam. De auto botste dernei tsjin in beam en fleach yn 'e brân.

It slachtoffer is nei alle gedachten fuortendaliks omkaam. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)