Minder apels en parren
De rispinge fan apels en parren is dit jier folle minder as oars. Benammen yn 'e Wâlden binne de fruitbeammen keal. Dat komt ûnder oare trochdat der dit jier in soad rûpen wiene fan de winterflinter. Dy komme faak út ikebeammen en dêr stean in soad fan yn 'e Wâlden.
Njonken de rûpen hat ek it wikselfallige waar yn 'e bloeitiid meispile. Dêrtroch hingje yn guon soarten fruitbeammen minder fruchten.